Hokjes foar Ljouwerter fûgels

09 nov 2010 - 23:21
  • Utdiele fan de fûgelhokjes troch wethâlder Diks (links) en inisjatyfnimster Annet Flapper

Der moatte mear fûgels yn de Ljouwerter wyk Huzum-West komme. Dat fynt ynwenner Annet Flapper út dy wyk. Se die mei oan oan it Projekt Wijkidee. Deryn kinne Ljouwerters mei plannen komme om de leefberens fan har wyk te ferbetterjen. Flapper kaam mei it idee om de fûgelstân better op peil te krijen. Se krige dêrfoar in weardebon fan trijetûzen euro.

Mei dat jild hat se goed twahûndert nêstkasten meitsje litten. Tiisdei waarden dizze útdield yn de wyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)