Hok yn de brân yn Terwispel, wenning rekket skansearre

30 des 2015 - 22:50

De brânwachtkorpsen fan De Gordyk en Aldeberkeap binne woansdeitejûn útriden foar in brân yn Terwispel. De brân ûntstie yn in hok oan de Alde Dyk, dêrby kaam in soad reek frij. Ek de njonkensteande wenning rekke skansearre.

De brânwacht wie gau te plak en hie de brân efkes letter ûnder kontrôle. In gasflesse yn it hok waard op tiid fuorthelle. Foar de wissichheid hat de brânwacht de flesse yn de sleat kuolle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)