Hoite Pruiksma bringt Matthäus Passion foar 'dummies'

21 feb 2016 - 13:54

Yn de Ljouwerter Koepeltsjerke is sneon 5 maart om 16.00 oere in 'lytse Matthäus Passion foar dummies'. Elkenien is wolkom om yn de kunde te kommen mei dit stik fan Bach. De tagong is fergees. Dirigint Hoite Pruiksma jout op boartlike wize útlis oer de Matthäus Passion en fiert ek stikken op mei koar en orkest.

Mei de Nederlandse Bach Academie en it Barokensemble Eik en Linde wurdt de Matthäus Passion op snein 6 maart yn de Koepeltsjerke opfierd. Op de freedtejûn 4 maart is noch in iepen repetysje dêr't elk sjen kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)