Hogenhout marketingdirekteur

14 mrt 2014 - 17:08
  • Loek Hogenhout hjir links mei kommisaris John Jorritsma

De 56-jierrige Loek Hogenhout út Wâldsein is de nije direkteur fan de regiomarketingorganisaasje foar Fryslân. Hogenhout waard freed beneamd en giet dizze moanne al oan de slach. Hogenhout hat sûnt 2006 in advys -en kommunikaasjeburo. De nije marketingsorganisaasje moat Fryslân rûnom yn de merk sette. It sil it eardere Fryslân Marketing ferbine mei Fan Fryslân.

De wurknamme is op dit stuit noch Beleef Friesland. Hogenhout sil him ek dwaande hâlde mei Kulturele Haadstêd 2018.

De provinsje hie oan de begjin fan dit jier al de nije direkteur fan de regiomarketingorganisaasje beneame wollen, mar doe rûn de proseduere op neat út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)