Hofstra súksesfol yn Veldhoven

06 feb 2004 - 00:00

De Fryske darter Rick Hofstra fan Snits hat tongersdei mei syn Ingelske partner Tony West goed presteard op it koppeltoernoai fan it Iepen Nederlânsk Kampioenskip Darten yn Veldhoven. Hofstra en West pleatsten harren foar de kwartfinales fan no snein.

It iepen NK is it grutste darttoernoai fan 'e wrâld mei sa'n 5600 dielnimmers. Hofstra wie ien fan 'e 80 Fryske dielnimmers. Tjitze Walstra en Daniël Hoogstra sitte ek by de lêste 64.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)