Hofstra skeakelet 'Barney' út

25 okt 2004 - 10:37

De Snitser darter Rick Hofstra hat sneon by de Winmau World Masters yn Bridlington yn Ingelân foar in grutte ferrassing soarge troch Raymond van Barneveld út te skeakeljen. Hy fersloech de Haachse favoryt met 3-2.

'Barney' skoarde lykwols yn trochsneed per pylk in bytsje better as Hofstra: 31,07 tsjin 29,83. Rick Hofstra treft Tony David yn de kwartfinale. De Australiër wûn mei 3-0 fan de Deen Brian Sörensen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)