Hofstra daliks al útskeakele

06 jan 2004 - 00:00

Darter Rick Hofstra út Snits is moandei útskeakele yn de earste ronde fan it Lakeside Dartskampioenskip yn Ingelân. Hy ferlear fan Mervyn King, de Ingelsman dy't as tredde pleatst wie.

Yn it begjin giene beide darters gelyk op. It gie mis doe't King de sjuery frege de ôfstân tusken it boerd en de darter te mjitten. Neffens King wie dy ôfstan te lyts. It mjitten duorre sa lang dat Hofstra út 'e konsintraasje rekke en úteinlik ferlear.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)