Hofstra bout brêge by Skagen

27 jul 2009 - 13:25
  • Earfolle opdracht foar 'brêge-arzjitekt' Rein Hofstra fan Grou

Arzjitekt Rein Hofstra fan Grou hat opdracht krigen om by Skagen yn Noard-Holllân in grutte brêge te bouwen. De brêge wurdt ûnderdiel fan in 120 kilometer lange rekreaasjerûte, de saneamde West-Fryske omrindyk.

Hofstra die mei fiif Noardhollânske arzjitekten mei oan in ûntwerpwedstryd. De sjuery wie optein oer it ûntwerp fan de Fries. Hofstra is ek de ûntwerper fan beide brêgen yn de Slachtedyk en hat sa njonkenlytsen in namme opboud as brêge-arzjitekt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)