Hofkers yn staking

16 apr 2005 - 14:39

Fyftich Fryske hofkers lizze moandei it wurk del. Yn it suden fan Nederlân wurdt al sûnt tongersdei staakt. Ynset fan it konflikt binne de plannen fan de wurkjouwers.

Wurknimmers moatte tenei mear frije dagen ynleverje by min waar. Fierders wolle de wurkjouwers in ienmalige útkearing fan 125 euro jaan. FNV easket in fêste leansferheging fan 1,25 %. Fakbûn FNV is it dêr net mei iens, it CNV hat wol ynstimd mei de nije CAO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)