Hof net nei plak moard

20 des 2000 - 17:28

It gerjochtshôf fan Ljouwert giet net nei Appelskea ta om it plak te besjen dêr't Risanne Tingen fermoarde is. It Iepenbier Ministearje hie dêr om frege, om te rekonstruearjen wat de iennige tsjûge dêr sjoen hat.

Neffens de tsjûge hat hy fertochte Angelique van E. dêr op de jûn fan de moard sjoen. Yn jannewaris tsjinnet it heger berop yn de saak tsjin Van E.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)