Hôf kin net wurkje troch leven

07 jul 2009 - 21:50
  • It Hôf hat bot lêst fan de wurksumheden op it Saailân
  • De meiwurkers kinne amper belje

By de wurksumheden op it Ljouwerter Saailân wurdt sa'n leven makke dat meiwurkers fan it gerjochtshôf harren wurk net mear dwaan kinne. Yn oerlis mei de gemeente binne dêrom oeren ôfpraat dat de masines stil stean en op it gerjochtshôf wurke wurde kin.

Benammen de meiwurkers fan it hôf yn it earder Wetterliedinggebou ha in soad lûdsoerlêst. Sa kin der by tiden net belle wurde. Der wiene wol skûlplakken mei lûdsisolaasje, mar dat holp net foldwaande.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)