Hôf 'fergriemt' tiid mei berop

28 feb 2008 - 12:01
  • mear minsken gean yn berop as har saak net foar de rjochter komt

Hieltyd mear minsken binne it net iens mei it beslút fan de offisier fan justysje om in saak net foar de rjochter te bringen. Sûnder in advokaat kinne minsken dêr tsjin yn berop gean by it gerjochtshôf.

It hôf is tefolle tiid kwyt oan de klachten. Dat fynt de presidint fan it Ljouwerter gerjochtshôf. Yn fierwei de measte gefallen krije de minsken dy't sa'n klacht yntsjinje gjin gelyk. It tal klachten is yn 2007 wol tanommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)