Hof en Hiem stapt út fúzje

11 mrt 2005 - 12:17

De fersoargingshûzen fan Hof en Hiem dogge net mear mei yn de fúzje mei Zorggroep Plantein en de Thuiszorg Zuidwest-Friesland. Hof en Hiem hat dêr yn desimber wol in yntinsjeferklearring oer ûndertekene.

Wat de reden is dat Hof en Hiem net fierder wol, is net dúdlik. De oare twa ynstellings binne teloarsteld en beriede har op de sitewaasje. De organisaasjes wurkje wol fierder mei har trijen, sa't se dat no ek al dogge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)