Hôf: 2,5 jier foar ferkrêfting

08 aug 2008 - 14:55

De fertochte fan ferkrêfting fan in doe 13-jierrich famke út Eastrum is troch it Gerjochtshôf ta 2,5 jier sel feroardiele. De Grinzer misbrûkte it famke yn desimber 2006 oan 'e Tichelwei tusken Eastrum en Dokkum. In pear dagen letter waard er oppakt.

De rjochtbank feroardiele him ta 2,5 jier, mar hy gie yn heger berop. It Hôf hat by de feroardieling benammen nei de ferklearring fan it slachtoffer sjoen en minder nei it DNA-bewiis. Dat soe minder hurd wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)