Hof: 14 en 8 jier yn saak Fetter

31 des 2005 - 12:30

It gerjochtshôf fan Ljouwert hat yn heger berop twa Ljouwerters feroardiele ta 14 en 8 jier sel yn de saak Fetter. De mannen krije de straf omdat se mandelich binne oan deaslach op Manuel Fetter. Neffens it gerjochtshôf kin moard net bewiisd wurde. Dêrom hâldt it hôf fêst oan de straf dy't de rjochtbank yn july al útspruts.

Fetter waard yn de nacht fan 23 op 24 septimber 2004 yn Ljouwert mei fjirtjin messtekken om it libben brocht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)