Hoessein en Neeltje Jacoba

01 jan 2004 - 00:00

In libbensgrutte pop fan Saddam Hoessein is yn Fryslân opdûkt. Hy stiet op 'e seedyk by Marrum by de timpel fan Ids Willemsma. Hoessein is oan 'e skandpeal nagele en besikers kinne de pop (as se wolle) mei apels bekûgelje.

De Neeltje Jacoba stie Nijjiersdei ynienen yn Drachten. Aldjiersploech fan frijsteat de Folgeren hat de boat by hotel Vreewyk delset. De boat is bekend wurden troch krimineel Klaas Bruinsma en Mabel Wisse Smit.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)