Hoekstra wrâldkampioen powerlift

02 des 2004 - 16:28

Albert Hoekstra út Wolvegea is yn it Meksikaanske Chihuahua wrâldkampioen powerliften wurden yn de gewichtsklasse oant 110 kilo. Op it ûnderdiel stjitte kaam er oant 280 kilo.

Op it bankdrukken kaam er oant 195 kilo, in nij wrâldrekord. By it deadliften helle er 255 kilo. By eintsjebeslút kaam er ta in totaal fan 730 kilogram. Oan it toernoai diene meielkoar 158 krêftpatsers mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)