Hoedjewip sponsort SSS '68

09 aug 2003 - 00:00

Hoedjewip.nl, de firtuele kondoomwinkel gie sneon de loft yn. As iepeningsstunt wie der in shirtpresintaasje fan de fuotballers fan SSS '68 fan Marsum op de Aldehou yn Ljouwert. Hoedjewip is de nije shirtsponsor. De fuotballers sille boppedat aktyf foarljochting jaan.

De kondoomwinkel is no noch firtueel, mar foar de ein fan dit jier moat Ljouwert in echte winkel hawwe. Neist kondooms yn alle soarten en maten moat dêr ek foarljochting jûn wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)