Hoedene taalnota provinsje

31 jan 2003 - 00:00

De provinsje wol de kommende fjouwer jier mear omtinken foar it Frysk yn it ûnderwiis, yn 'e soarch en by de gemeenten. Dat stiet yn 'e taalnota 'It fanselssprekkend plak fan it Frysk'. Ien fan 'e maatregels is in nije metoade Frysk foar it basisûnderwiis. Fierder sil de provinsje sels ek faker it Frysk brûke.

Krityk op 'e nota is der ek al. Neffens FNP-lieder Johannes Kramer sprekt út it stik 'in gebrek oan ambysje'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)