'Hoeden omgean sosjale media'

01 feb 2013 - 15:54
  • Spekman op skoalle

Bern moatte hoeden omgean mei wat se op ynternet sette. Elkoar útskelle of bedrige fia bygelyks Twitter dat kin al hielendal net. Mei dat boadskip kaam partijfoarsitter en keamerlid Hans Spekman fan de PvdA freed nei it Singelland yn Surhústerfean. Spekman gie mei de bern yn diskusje oer it brûken fan saneamde sosjale media. Sels makke er koartlyn bekend dat hy regelmjittich fia twitter en facebook mei de dea bedrige wurdt. Hy wol de diskusje oangean oer wat wol en net kin op ynternet. En dat die er dus freed op skoalle yn Surhústerfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)