'Hoeden gas winne kin wol'

19 jan 2006 - 08:11

Gaswinning ûnder de Waadsee kin trochgean, mar wol mei de hân oan de kraan. Der sil yn de earste jierren minder gas oppompt wurde as mooglik is. Dat stiet yn de saneamde Miljeu Effekt Rapportaazje (MER) dy't de Nederlandse Aardolie Maatschappij NAM útfiere litten hat. De NAM brûkt earst twatredde kapasiteit, om de boaiem- delgong net te hurd gean te litten.

De MER is nedich om in fergunning te krijen. De ynspraak begjint tongersdei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)