Hoe komt it mei it fleanfjild Drachten? Ried praat deroer

17 nov 2015 - 17:40
  • It fleanfjild yn Drachten

De gemeenteried fan Smellingerlân sil har tiisdeitejûn yn in saneamde 'rondetafelgesprek' ynformearje litte oer de takomst fan it fleanfjild Drachten, earder bekend as airstrip Drachten. It kolleezje fan boargemaster en wethâlders wol it fleanfjild graach selsstannich meitsje mei de opsje op in mooglike ferkeap.

De keaper moat neffens de gemeente wol de rekreaasje en it toerisme befoarderje op it fleanfjild. Ek moat it soargje foar mear wurkgelegenheid en de ekonomy stimulearje. Oer de takomst fan it fleanfjild wurdt al lang neitocht.

Tiisdei kinne belanghawwenden de riedsfraksjes dúdlik meitsjen wat sy fan it plan fine.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)