Hoe komt it mei it azc yn Wytmarsum? Moarn dúdlikens

04 apr 2016 - 17:37
  • It kleaster yn Wytmarsum

De gemeente Súdwest-Fryslân en it Centraal Orgaan Opvang Asielzoekers (COA) jouwe tiisdei dúdlikens oer de komst fan in azc nei Wytmarsum. De gemeente wol in azc yn it eardere kleaster yn it doarp hawwe. In mearderheid fan de Wytmarsumers is dêr net foar. Dat hat bliken dien út in enkête fan doarpsbelang.

De ynwenners fan it doarp wolle ek gjin twahûndert flechtlingen. Se fine dat tefolle. Yn it oarspronklike plan wie sprake fan de opfang fan trijehûndert minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)