Hoe hawwe Friezen stimd foar de Top 2000?

25 des 2015 - 16:39

Tradisjoneel begjint de Top 2000 altyd op earste krystdei. Tûzenen minsken bringe har stim út op har favorite nûmers. Mar hoe soe de top 10 der útsjen neffens de Friezen dy't stimd ha?

Lykas de nije nûmer 1 dit jier kieze de Friezen foar John Lennon mei 'Imagine' op it earste plak. Fierder falt op, yn ferliking mei oare provinsjes, dat Friezen ek Led Zeppelin noch wol in plak yn de top 3 gunne. Se stimme lykwols gjin Frysktalige plaat yn har top 10. It iennige Frysktalige nûmer yn de Top 2000 is 'In Nije Dei' fan De Kast op plak 615.

De top 10 fan de Friezen: 1 John Lennon mei 'Imagine' 2 Queen mei 'Bohemian Rhapsody' 3 Led Zeppelin mei 'Stairway To Heaven' 4 Eagles mei 'Hotel California' 5 Claudia de Breij mei 'Mag Ik Dan Bij Jou' 6 Boudewijn de Groot mei 'Avond' 7 Deep Purple mei 'Child In Time' 8 Billy Joel mei 'Piano Man' 9 Pink Floyd mei 'Comfortably Numb' 10 Pink Floyd mei 'Wish You Were Here'.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)