Hoe docht Ljouwert it mei Kulturele Haadstêd 2018?

13 okt 2015 - 20:41
  • Kulturele Haadstêd 2018

Fryske politisy hawwe de ôfrûne dagen yn Brussel netwurke foar Kulturele Haadstêd 2018 by de Open Days Noard-Nederlân. By de wurkbesite learden se hoe't se goed gebrûk meitsje kinne fan it Europeeske netwurk. Tema's dy't oan de oarder kamen, wiene lânbou, Europa en Kulturele Haadstêd 2018. Under oare de kommissaris fan de Kening, deputearren en wethâlders wiene yn Brussel om gearwurking te sykjen mei oare bestjoerders. Ek bestjoerders út Grinslân en Drinte diene mei oan de wurkbesite.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)