Hoe bliuwt Skylge in fitaal eilân?

21 jan 2016 - 08:17
  • Skylge

Om in fitaal eilân te bliuwen, moat Skylge ynsette op jongerehúsfesting. Dêr is noch in flinke slach te meitsjen. Dat waard woansdeitejûn dúdlik op in debat oer de takomst fan Skylge. Dêr wiene goed 50 eilanners op ôfkaam. Der waard praat oer ferskate stellingen op inisjatyf fan de gemeente. Dy fynt it wichtich dat de bewenners har miening jouwe oer wichtige eilânsaken.

Begjin febrewaris is der noch in ynspraakjûn. Dêrnei komt de gemeente mei in takomstfisy. Yn maaie sprekt de gemeenteried him deroer út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)