Hoe âld binne Dokkumer huzen?

03 jan 2013 - 11:50
  • Allinnich yn Dokkum is it tal hoarekasaken ôfnaam

De frijwilligers fan de Stichting Historia Doccumensis yn Dokkum sille de kommende wiken ûndersykje hoe âld oft guon huzen yn de binnenstêd binne. Fan in hiel soad huzen is dat wol bekend fia gevelstiennen of oare kenmerken, mar by guon is dat dreech út te meitsjen. Mei in nije metoade kin fia de jierringen yn it houtwurk fêststeld wurde hoe âld huzen eksakt binne. Mei in boar wurdt in stikje hout út in balke helle en dat wurdt yn in laboratoarium yn Dútslân ûndersocht.

De provinsje hat jild beskikber steld foar it ûndersyk, dat útfierd wurdt ûnder tafersjoch fan de Rykstsjinst. De resultaten wurde brûkt foar in publikaasje oer boustilen en bouskiednis fan de âlde binnenstêd fan Dokkum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)