Hobma wint ljeppen yn Utert

24 jul 2010 - 19:06
  • Thewis Hobma (foto: Martin de Jong)

Foar in soad publyk wûn Thewis Hobma sneon it fierljeppen yn it sintrum fan Utert. Syn winnende finalesprong wie 20 meter 72. It wie net de fierste sprong fan de dei. Dy kaam op namme fan Jaco de Groot. Yn de kwalifikaasje ljepte De Groot in offisjeus wrâldrekôr fan 21 meter 59. It offisjele wrâldrekôr stiet op namme fan Bart Helmholt mei 21 meter 01.

De fierljepwedstriid yn Utert luts neffens de organisaasje sa'n 13.000 taskôgers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)