Hobma kening, Brandsma fierste

19 jul 2014 - 23:00
  • Feike Stellingwerf, Thewis Hobma en Marrit van der Wal

Thewis Hobma hat sneontejûn it keningsljeppen fan Burgum wûn. De regearend Nederlânsk kampioen ljepte yn de finale 20.68. Nard Brandsma waard twadde mei 20.42. Yn de foarronde foar it klassemint wie Brandsma noch fierder, doe sprong er in persoanlik rekôr fan 20.88. Yn de finale fan it keningsljeppen begjinne alle dielnimmers wer op nul, sa binne de spulregels. By de froulju waard Marrit van der Wal de keninginne mei 15.54. Ek Marrit ljepte yn de foarronde fierder: in pr fan 15.83. Feike Stellingwerf waard de prins fan Burgum.

Hy pakte de titel mei 16.49, in persoanlik rekôr. Ek by de jonges waard yn de foarronde fierder ljept. Freark Kramer kaam doe ta syn bêste ôfstân ea: 17.57.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)