Hobbyplomfee moat ek binnendoar

20 okt 2005 - 11:20

Plomfeehâlders dy't har bisten foar de hobby hâlde, moatte fan takom wike ôf maatregels nimme tsjin de fersprieding fan de fûgelpest. Dat hat minister Veerman woansdei bepaald. De maatregel jildt allinnich foar gebieten dêr't in grutte kâns is dat hobby-plomfee yn kontakt komme kin mei wylde fûgels, lykas by guozzegedoochgebieten.

It hobbyplomfee moat binnendoar bliuwe of ûnder in mei gaas ôfsletten ôfdak. Mear ynfo stiet op www.minlnv.nl

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)