Hoarekawet net te hanthavenjen

04 jan 2014 - 11:38
  • Hoareka

It Frysk Hoarekabûn neamt de nije hoarekawet in gefal fan symboalpolityk. Sûnt de jierwiksel mei allinnich noch alkohol ferkocht wurde oan minsken boppe de 18 jier. Ut in test fan de krante AD docht lykwols bliken dat jongerein fan 16 en 17 jier yn winkels en hoareka gewoan oan drank komme kin.

It is neffens de organisaasje net te kontrolearjen en it liket net folle mear is as in polityk statement. Boppedat wurdt 85% fan de alkohol thús dronken en dêr kin hielendal net kontrolearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)