Hoarekameiwurker (62) delstutsen

10 apr 2005 - 12:43

In 62-jierrige hoarekameiwurker is freedtejûn delstutsen doe't er oan it wurk wie yn Ljouwert. Yn de saak sieten trije dronken manlju dy't de rekken net betelje woene. Doe't ien fan de mannen fuortgean woe, besocht de meiwurker dat foar te kommen.

Ien fan de manlju krige in mes en stuts de man del. De plysje hat sneontemoarn in fertochte oanhâlden. It slachtoffer is oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)