Hoareka yn âld-muzykskoalle

28 feb 2003 - 00:00

Der komt mooglik hoareka yn de eardere muzykskoalle yn Bûtenpost. Dat hat wethâlder Van der Ploeg tongersdei witte litten yn in kommisjegearkomste. Neffens de wethâlder is der in serieuze kandidaat dy't mei de horeka útein sette wol.

De muzykskoalle krige fjouwer jier lyn in nij ûnderkommen. Dêrnei waard tocht oan sloop fan it monumintale gebou. Dat is no definityf fan de baan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)