Hoareka bliid mei ekstra plysje

22 okt 2002 - 00:00

Kafee- en restauranthâlders op 'e Lemmer binne bliid dat de plysje mear tafersjoch hâldt yn it wykein. Stappers soargje foar in protte oerlêst yn it sintrum. De plysje set seis ekstra minsken yn.

Fan 't simmer hat in partikulier befeiligingsburo tafersjoch hâlden, mar dat is op 'e lange doer te djoer. Dit wykein binne njoggen bekeurings útdield.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)