Hoareka baalt fan rellen

24 sep 2012 - 17:20

Hoareka-ûndernimmers oan it Ruterskertier yn Ljouwert bale fan de rellen ofrûne wykein. Grutte groepen stappers kearden har dêr massaal tsjin de plysje. Dy moast fersterking oproppe út de hiele provinsje. Guon relskoppers rôpen dat se Project X yn Haren wol efkes oerdwaan soene yn Ljouwert. Neist plysjeminsken helpe ek maresjesjee, plysjehûnen, portiers en hoarekapersoniel mei om de rêst wer werom te krijen yn Ljouwert.

De minsken dy't oppakt binne, binne fiif Ljouwerters fan 17 oant 21 jier, in 22-jierrige man út Koarnjum, in 23-jierrige Bitgumer en in 40-jierrige man út Nieuwegein. Se binne mooglik troch de rellen yn Haren op it idee kaam. Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert sjocht dat lykwols net sa.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)