Hoantsje werom op 'e toer

02 jun 2008 - 14:31

De herfoarme tsjerke fan Hoarne op Skylge krijt meikoarten syn hoantsje werom. It hoantsje is der ôfhelle fanwege de restauraasje fan 'e spits fan de tsjerke.

It hout fan de spits wie foar in part ferrotte omdat de dakbedekking net mear goed wie. Dy dakbedekking is ferfongen, it ferrotte hout fernijd. Ek it hoantsje sels is opknapt. Sa is der nij blêdgoud op kommen. De opknapbeurt hat in ton koste. Dat jild is der noch net allegearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)