Hoantsje stiet wer op de toer fan Hieslum

11 nov 2015 - 16:41
  • De hoanne stiet wer op de tsjerketoer fan Hieslum

Yn Hieslum (tusken Boalsert en Warkum) is woansdeitemiddei de hoanne wer op de tsjerketoer setten. Dêrmei is de restauraasje fan de bûtenkant fan de tsjerke ôfsletten.

Om dy restauraasje mooglik te meitsjen is trije jier lyn yn Hieslum in stichting oprjochte. Dy hat de finansiering regele. Under oare de provinsje, it ryk en in oantal fûnsen hawwe jild jûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)