Hoantsje op Boalserter toer

23 maaie 2011 - 13:12
  • It hoantsje wurdt op de toer set

It hoantsje fan de Martini-tsjerketoer yn Boalsert blinkt fan moandei ôf wer yn de sinne. De toer fan de Herfoarme tsjerke yn Boalsert wurdt restaurearre en dêrby hat it hoantsje op 'e nij in goudlaachje krigen. Wethâlder Wigle Sinnema sette moandei it hoantsje werom mei de minsken fan de bou.

Mei-inoar kostet de folsleine restauraasje fan de tsjerke en de toer goed ien miljoen euro. Dat wurdt opbrocht troch it Ryk en ferskate fûnsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)