Hjoed mei ûndertitels online

02 apr 2009 - 15:26
  • De Hjoed fan 1 april op doventv.nl

De útstjoering fan 18.00 fan Hjoed is mei yngong fan dizze moanne mei ûndertitels te besjen op ynternet. Hjoed wurdt alle dagen daliks nei de útstjoering ûndertitele foar dôven en minsken dy't min hearre en kin fan jûns 20.00 oere ôf besjoen wurde op de website www.doventv.nl.

Doventv.nl stribbet der nei om safolle mooglik programma's fan publike en regionale omroppen te ûndertiteljen. Omrop Fryslân en Doventv ha al in pear dagen proefdraaid mei de nije service.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)