Hjoed Ekstra oer ûngelok Raard

01 jan 2013 - 09:10

Omrop Fryslân bringt op nijjiersdei om 13.00 oere in ekstra útstjoering fan Hjoed nei oanlieding fan it slimme auto-ûngelok yn it doarp Raard by Dokkum. By dat ûngelok rekken âldjiersnacht santjin minsken ferwûne, doe't in auto ynried op it publyk dat nei it nijjiersfjoer stie te sjen.

In ploech fan de omrop wie âldjiersnacht frij fluch nei it ûngelok yn Raard en prate mei plysje en ynwenners fan it doarp.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)