Hjoed Ekstra oer keninginne

28 jan 2013 - 17:35

Omrop Fryslân jout moandeitejûn om 19.00 oere wiidweidich omtinken oan de taspraak dy't keninginne Beatrix dan hâlde sil. Neffens ANP en RTL sil de keninginne yn dy taspraak bekend meitsje dat sy ôfstân docht fan de troan.

Yn de Hjoedstudio sille kommissaris fan 'e Keninginne John Jorritsma en boargemaster Hayo Apotheker fan Súdwest-Fryslân reagearje op de taspraak fan de keninginne, dy't no tongersdei 75 jier wurdt. Omrop Fryslân sil de taspraak yntegraal útstjoere op radio en televyzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)