Hjitteweach komt deroan: acht tips om koel te bliuwen

29 jun 2015 - 14:47

Fryslân riedt him ta op in hjitteweach. Fân woansdei oant en mei it wykein wurde temperatueren ferwachte fan boppe de 30 graden. Fanwege de waarmte hat it RIVM it Nasjonaal Hjitteplan fan tiisdei ôf yn wurking steld. Yn it hjitteplan stean ferantwurdlikheden en maatregels dy’t jilde by waarm waar. Mar hoe hâldst thús de holle koel yn dizze tropyske temperatueren? Acht tips om de hjitte de baas te bliuwen:

1. Bliuw safolle mooglik binnen en hâld doarren en ruten ticht. Doch ek de gerdinen ticht, sa bliuwt it lekker koel yn 'e hûs.

2. Drink genôch wetter. It liket in klisjee, mar it wurdt faak dochs troch in soad minsken fergetten. Drink op syn minst 2 liter wetter op in dei en wachtsje net oant datst toarst krijst.

3. Hâld de holle koel, letterlik. Lis in wiet waskhantsje yn 'e nekke of spuitsje mei in blommespuit de holle sa no en dan wiet. Kinst ek in wiete pet opdwaan.

4. Doch luchtige en ljochte klean oan. Witte klean stjit de hjitte ôf, donkere kleuren nimme de waarmte krekt op. Of draach sa min mooglik klean.

5. Wurkje neffens in troperoaster. Begjin betiid en besykje tusken 12.00 en 16.00 oere neat te dwaan. Meitsje dy foaral op 'e middei net te drok.

6. Sykje it skaad op, bygelyks yn it bosk. Of oare koele plakken. Sa is it yn de supermerk lekker koel en ek yn de bioskoop. Pakst fuort ek in filmke mei.

7. Meitsje fan dyn fentilator in airco troch der in bak mei iis foar te setten. Troch it iis fielt de lucht kâld oan. En lis oerdei dyn kessen yn 'e friezer. Dy is jûns dan lekker koel.

8. Last but not least: Tink goed om dyn húsdier. Set in ekstra bak mei wetter del, lit dyn húsdier net yn de waarme auto sitte en rin mei dyn bist net oer asfalt. Dat wurdt troch de sinne sa hyt dat in hûn syn poaten ferbrâne kin.

De lêste fersy fân it Hjitteplan is hjir te lêzen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)