Hjir gjin sekskontakten arts

30 jan 2009 - 20:13

In helpferliener yn de jeugdsoarch dy't him mooglik skuldich makke hat oan seksueel grinsoerskridend gedrach, hat gjin kontakten hân mei kliïnten fan it Buro Jeugdsoarch Fryslân. Dat antwurdzje Deputearre Steaten op fragen fan VVD-steatelid Hosman.

Begjin dizze moanne waard yn in tv-programma fan SBS6 dúdlik dat in arts op ynternet seksueel kontakt socht mei minderjierrigen. Dat barde lanlik, mar dus net yn Fryslân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)