Hjerstfakânsje: soad toeristen

19 okt 2010 - 12:07

Rekreaasje-ûndernimmers yn Fryslân dogge lykas ferline jier dizze hjerstfakânsje goede saken. Der binne yn Fryslân dizze trije wiken 60.000 toeristen. Benammen de bungalowparken sitte fol. De hotels bliuwe sûnt de resesje in bytsje achter en dat is ek dizze fakânsje sa. Foar de Fryske kempings en wettersportûndernimmers is it seizoen al fierhinne oer.

De drokte by de bungelowferhierders komt ûnder oare fan Dútske toeristen. Dy hiene ferline wike al fakânsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)