Hjerringtest pakt min út

04 jul 2004 - 13:12

Twa Fryske fiskhannels komme der net al te best ôf yn de jierlikse hjerringtest fan it Algemeen Dagblad. De krante hat by twa saken yn Ljouwert west. Hjerringkream De Gezonde Apotheek krijt in nul as einsifer. De hjerring soe swart oan 'e binnenkant wêze fanwege de smoargens fan de snijplanke.

Schootstra's Fiskhannel krijt as einoardiel in 6,5. De hjerring smakket dêr goed, mar der wurdt sleau wurke neffens de priuwers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)