Hjerringparty yn Ysbrechtum

23 jun 2010 - 17:51
  • Farske hearring yn 'e tún fan Epema State

Op Epema State yn Ysbrechtum is woansdei in Fryske Hjerringparty hâlden. Neffens de organisatoaren tilt it yn Fryslân op fan 'e tradysjes, mar in hjerringparty wie der noch net. Acht bedriuwen hawwe dêrom it inisjatyf naam foar it feestje.

Se wolle hjirmei de komst fan de 'Hollandse Nieuwe' fiere, ek wol 'Nieuwe Maatjes' neamd. Bykommend foardiel is dat de ûndernimmers inoar tsjinkomme wêrtroch mooglik nije relaasjes ûntsteane.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)