Hjerring Poiesz krijt 0 punten

20 jul 2013 - 07:49
  • De nije hearring is in pear wike letter as oars

De hjerring fan de Poiesz-supermerk yn Ljouwert is as lêste einige yn de hjerringtest fan it Algemeen Dagblad. De supermerk krige gjin inkel punt fan it testpanel. 'Kan zo de vuilnisbak in', is de konklúzje.

Hjerringhannel Het Urker Vishuis út Harns is mei in sifer fan in 6,5 op it 65e plak einige yn de test. 'Zeer goed schoongemaakt, maar ruikt naar oude kaas', sa stiet yn de beoardieling te lêzen. De winst gong lykas ferline jier nei fiskhannel Atlantic út Leiden, dy't in 9,5 krige fan de sjuery.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)