'HIV-ferkrêfter' foar Hege Rie

19 jan 2005 - 10:41

De Hege Rie hat de feroardieling fan in Ljouwerter (53) ferneatige. Hy wie feroardiele troch it gerjochtshôf yn Arnhem. De oanklacht wie ferkrêfting fan in minderjierrige jonge, wylst er wist dat er besmet wie mei it HIV-firus.

Lykwols, der is net genôch bewiis dat de man it mei sin dien hat, fynt de Hege Rie. De saak wurdt no opnij behannele troch it gerjochtshôf fan Den Bosch. It spilet al sûnt 2001.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)