Hitlerfilm mooglik op Festival

17 sep 2004 - 15:37

It Noardlik Filmfestival hat mooglik de foarpremjêre fan de nije Hitlerfilm 'Der Untergang'. Organisator Anneke van Renzen is dêr yn petear oer mei de distributeur. De film giet oer de lêste dagen fan Hitler. Der is in soad diskusje oer, om't de Dútske diktator te minslik delset wurdt.

'Der Untergang' is dizze dagen yn premjêre gien yn Dútslân. Wannear't de film yn Nederlân útkomt is noch net bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)