Histoaryske tsjerke ûnder hammer

22 maaie 2006 - 17:11

De gemeente Smellingerlân ferkeapet it histoaryske tsjerkje 'Jezus Leeft' yn Houtigehage. Ek de pastorij neist de tsjerke oan de Folgersterleane stiet te keap. De tsjerke en de wenning wurde ferkocht mei in lotting, keapers kinne oant 8 juny ynskriuwe.

De gemeente wol dat it tsjerkje in kulturele bestimming krijt. De tsjerke wie earder eigendom fan in evangelyske organisaasje en is in pear jier lyn kocht troch de gemeente.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)